Festival Into The Great Wide Open binnen oere útferkocht

03 feb 2018 - 11:21

It muzykfestival Into The Great Wide Open op Flylân is útferkocht. De kaartferkeap begûn sneontemoarn om tsien oere, in goed healoere letter wie der gjin kaart mear te krijen. Dat betsjut dat de organisaasje wis is dat der 6.000 besikers nei it eilân ta komme yn it wykein fan 30 augustus oant en mei 2 septimber.

It is dan de tsiende edysje fan Into the Great Wide Open. Njonken muzyk stiet ek keunst, film en natuer sintraal op it festival.

(advertinsje)