Roosje Hindeloopen is drok mei Hylper fontein

Oan de Hylper fontein wurdt folop wurke. It is in ûnderdiel fan it Kulturele Haadstêdprojekt de 11Fountains. De earste fontein stiet der al, yn Ljouwert. Oan de oare tsien wurdt op it stuit noch hurd wurke. Yn alle alve Fryske stêden moat yn maaie in fontein stean, betocht troch bûtenlânske keunstners.
Guon kritisy fine it skande dat der gjin Fryske keunstners by dit projekt belutsen binne. Wól wurde Fryske bedriuwen belutsen by it meitsjen fan de fonteinen. Sa as Roosje Hindeloopen, bekend fan de Hylper meubels en skilderkeunst. It bedriuw makket it houtwurk. It moat in gewei foarstelle dêr't minsken aansten op sitte kinne. De fontein is ynspirearre troch it âlde stedswapen fan Hylpen en komt middenyn de stêd te stean.