Feanster bewarret stellen shag yn ûnderbroek
Op It Hearrenfean hat de plysje freedtejûn in 52-jierrige Feanster trappearre op stellerij. Hy hie in pakje shag en sûkelaadsjes stellen. Op it plysjeburo die bliken dat er noch mear pakjes shag yn de ûnderbroek hie. Neffens him wie dat fan in freon fan him. De man is ynsletten foar neier ûndersyk.