Plysje pakt lûdsoerlêst yn Ljouwert oan

© ANP
De plysje moast freedtenacht op trije plakken yn de Fryske haadstêd yn aksje komme fanwege lûdsoerlêst. Yn de Arendsstrjitte wie tsjin twa oere in melding. De feroarsaker krige in warskôging.
Ek yn de Leendert Sinnemastrjitte kaam in melding fan leven en dat wie ek sa yn de Beekkerkstrjitte. Beide feroarsakers waarden warskôge, mar by in folgjende kear folget in proses-ferbaal.