Mear ambulânseboaten nedich

De medyske soarch op de Fryske marren moat better regele wurde. De Christenuniefraksje yn provinsjale steaten freget it provinsjebestjoer dêr in plan foar te meitsjen.
It Antoniussikehûs yn Snits hat in ambulânseboat dy't op de marren yn Súdwest-Fryslân fart, mar eins moat de provinsje soks foar hiel Fryslân regelje, fynt de Christenunie. De soarch op it wetter is no net goed regele, fynt de partij, want by kalamiteiten op it wetter kin in pasjint net op rappe helpferliening rekkenje.
Der moat in advysried komme, dêr't it Antoniussikehûs in liedende rol krije moat.