Plysje moat stappers wize op regels yn Ljouwerter hoareka

​Yn Ljouwert hat de plysje it freedtenacht drok hân mei stappers. In 19-jierrige Ljouwerter waard sjoen yn in hoarekagelegenheid oan it Ruterskertier, wylst er dêr net komme mocht. Hy hat dêrom no in ferbod fan in jier krigen foar alle hoarekagelegenheden. In 17-jierrige ynwenner fan Haarlem krige in proses-ferbaal om't er mei in identiteitsbewiis fan in oar besocht in kroech yn te kommen.
Neffens de plysje moatte de studinten de regels yn de hoareka noch wat better bybrocht wurde as se op stap binne.