Fries Museum siket enoarme friezer foar 8.000 meubels

03 feb 2018 - 12:10

It Fries Museum yn Ljouwert siket in enoarme friezer, dy't grut genôch is om der in seekontainer fol mei meubels yn te setten. It museum hat de friezer nedich om 8.000 âlde kasten en stuollen garandearre frij te meitsjen fan skimmel, motten en môge. Op dit stuit hat it museum de 8.000 stikken noch yn in tydlike opslach stean, mar se moatte nei it grutte nije depot, Kolleksjesintrum Fryslân, fan it museum op it yndustryterrein oan de westkant fan Ljouwert.

Depot

Foardat se dêr nei binnen gean, wol it museum wis wêze dat der gjin skealike floara of fauna yn sit. Dêrom moatte de meubels ôfkuolle wurde nei -24 graden, foar in perioade fan seis wiken. Op dit stuit hat it museum twa lokaasjes op it each: ien yn Delfzijl en ien yn Surhústerfean. De geskiktheid dêrfan moat noch fierder ûndersocht wurde. Foar de simmer fan 2020 moatte eins alle 8.000 stikken út de tydlike opslach oerbrocht wêze nei it nije depot.

Wa't op in oar plak noch in geskikte friezer wit, mei him melde by it Fries Museum, seit direkteur Kris Callens. It Fries Museum hat meubels yn syn besit dy't soms wol in pear hûndert jier âld binne. Se hearre net by de topstikken, mar binne dochs weardefol om te bewarjen.

Jild

Neffens Callens heart dat ek by de funksje fan it museum. Der wie allinnich net earder jild om de meubels tsjin skimmels, mot en môge te behanneljen en oer te bringen nei it nije depot. Dat dat no wol kin, komt neffens Callens trochdat der ferline jier aardich wat fertsjinne is mei útstallingen lykas dy oer skilder Alma-Tadema. It giet dan om mear as 400.000 euro. Neffens de direkteur is foar de hiele ferhuzing en behanneling noch wol mear jild nedich.

(advertinsje)