Fryske dielnimmers oan de Spelen: Bob de Vries

Bob de Vries © Martin de Jong
Oer in wike is it safier, de Olympyske Spelen yn Pyeongchang (Súd-Koreä). Fansels komt der ek in flink tal Friezen yn aksje by it reedriden en de shorttrack yn Gangneung. Mar wa binne dat, wat binne harren bêste prestaasjes by de Olympyske Spelen en wat binne de kânsen op in medalje?
Namme: Bob de Vries
Wenplak: De Haule
Bertedei: 16-12-1984
Sport: reedriden
Ofstannen: 5000 meter
Olympyske resultaten: gjin
De kânsen fan Bob de Vries neffens sportferslachjouwer Koos Wieling:
By Bob de Vries witte je it noait. De 33-jierrige boer pakte op 26 desimber 2017 de winst op de 5000 meter by it OKT yn Thialf. Dat betsjut dat er in 'âlde' debutant yn Súd-Koreä is. De maratonkampioen op natoeriis (2011) en op keunstiis (2017), kin samar wer in geweldige útsjitter meitsje.
De Olympyske Spelen yn Pyeongchang begjinne op freed 9 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.