.frl-webadressen pas oar jier

laptop © Omrop Fryslân
It duorret noch seker njoggen moanne foardat de extinsje .frl foar webadressen yn gebrûk naam wurde kin. De ynternasjonale organisaasje dy't dizze extinsjes beheard, hat in lytse 2000 oanfragen krigen. Der binne ek oanfragen dien foar .amsterdam, .overheidnl en .politie. Ek Nederlânske bedriuwen as Philips, KPMG, Shell en KPN ha in eigen extinsje oanfrege. Al hûndert minsken hawwe by de provinsje frege om in .frl-domynnamme.