Kollum: "Skite en spuie"

03 feb 2018 - 08:25

"Samar in gewoane dei. Wurk, in eintsje rinne en dan in lekker board pasta mei in bakje yochert nei. Neat oan de hân. Oant it momint dat it iten je even opbrekt. Ach, even in boerke en wer klear, sa wie it mei de bern ek altyd. Mar net dizze kear. It opbrekken feroaret. Je krije in nuvere swiete smaak yn de mûle en dan witte je it wol. Dit komt net goed, foaral omdat fan it iene op it oare momint it oan de ûnderkant fan it termstelsel ek ferfaarlik begjint te rommeljen. Jo moatte sjen dat je op it húske komme, oars is it te let. Mar... ûnderweis ha je noch in helder momint. Wat as je dêr daliks sitte? Dan is mar ien kant fan de saak rêden. Tusken de fuotten troch spuie moatte je foar trochleard ha, dus gripe jo yn it foarbyrinnen fluch in amer en ferdwine yn it lytste keammerke. Dêr sitte jo, broek op de ankels, mei in amer op skoat. Ik sil it mar sizze sa as it is, skite en spuie tagelyk. Hiel ferheffend allegearre. Mar, jo binne optimistysk en tinke dat as it der út is, binne je der wer ôf. No, nee.

De 40 oeren dêrnei ferbliuwe jo wikseljend op de wc of op bêd, mei neist jo in amer foar de wissichheid. Je wurde geandewei sa slop as in dweil, je wolle allinnich mar sliepe. Mar as je net wolle dat je de boel der ûnder grieme, is dat sliepen ek mar yn in lichte foarm, want je moatte op je iepenst bliuwe. Is der midden yn de nacht oandrang, is it tige ferstannich om daliks mar op de taast op wei te gean. Lokkich wenje jo al sa lang op dit plak dat je alles yn it tsjuster fine kinne, dan hoege alle ljochten ek net alle kearen oan. Dat hie yn dit gefal hast op in stroboskoop like, sa faak ha ik de loop makke.

Op in geven momint wurde jo sa midden yn de nacht slim filosofysk en freegje jo je ôf wêr't al dat guod ein weikomt, want je binne sa beroerd dat je neat ite of drinke kinne, mar dochs komt der by eltse besite oan de wc wat. Hâldt dat dan nea op?

Noch in frjemd fenomeen: sels de mobile telefoan is hielendal net ynteressant en leit mei in hast lege batterij op in plak dat je sa net iens betinke kinne. Dus dan moat it wol slim wêze.

Goed, twa nachten in part fan de hûshâlding wekker, mar as moarns om tsien oere de telefoan giet, mem wol even witte hoe't it is, ha je de sliep út. En dan? Hoe bouwe je alles wer op? Bakje yochert earst mar. Sjen oft it der yn bliuwt. Kola skynt alles dea te brânen, dus hooplik ek de baktearje, it firus of hokker oarsaak dan ek. It brekt wol in kear as wat op, mar alles bliuwt binnendoar, dus it giet goed. Dan in beskút mei sjem, in bakje tee.

Op de lêste prosinten fan de batterij de berjochten lêze, dan binne je wer aardich op streek. As ik sa wat om my hinne lês, is de sitaasje sa as hjirboppe beskreaun net unyk. Sterke allegearre."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)