5000 man op Aldehoustertsjerkhôf by iepening Lân fan taal

02 feb 2018 - 23:47

De offisjele iepening fan Lân fan taal, it grutste (en djoerste) projekt fan LF2018, yn Ljouwert hat freedtejûn sa'n 5.000 besikers nei it Aldehoustertsjerkhôf lutsen. Dêr wiene meartalige fideoprojeksjes op de Aldehou te sjen, mei ûnder oare taalkeunsten fan dichter Tsead Bruinja en sjonger Herman van Veen, om de iepening te fieren.

Foarôfgeand oan de projeksjes wienen sa'n 200 pommeranten útnûge yn it taalbelibbingssintrum OBE om by de offisjele iepening te wêzen. Lân fan taal is troch deputearre Sietske Poepjes iepene. Sybren Posthumus, steatelid fan de FNP, wie ien fan de gasten. "De iepening wie hiel bysûnder. Der binne filmkes fertoand en minsken kinne no yn OBE kubussen besjen mei de nammen fan 6.700 erkende talen yn de wrâld skreaun yn dy talen."

Direkt nei de iepening en de projeksjes op de Aldehou gie it gratis minyfestival fan Lân fan taal fan start. Sa is yn it gemeentehûs it buiskeskeunstwurk DNALWD2018 te sjen en is yn de Prinsetún it trije dagen duorjende "Spreekbotenfestival" begûn. Yn de Koperen Tuin draaiden freedtejûn ferskillende dj's.

En ek al wie it kâld, de sfear yn Ljouwert siet der neffens Posthumus goed yn. "It is hie gesellich yn de stêd. It liket wol it gefoel te ha fan in Alvestêdetocht. De kafees sitte fol, der sitte sels minsken op de terraskes, it is fantastysk."

Lân fan taal is 'in frijsteat dêr't elk syn eigen taal sprekke kin', it hiele gebiet Aldehoustertsjerkhôf, Prinsetún, Tresoar, Afûk en HCL makket dêr diel fan út, en der binne it hiele jier troch aktiviteiten en eksposysjes. Yn maart giet it talepaviljoen MEM iepen yn de Prinsetún.

(advertinsje)