Sealfuotbalfroulju Drachtster Boys winne mei meunsterskoare

© twitter @DFTda1
De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys ha freedtejûn úthelle tsjin PFC. De hikkesluter út Apeldoorn waard yn eigen hûs mei 12-2 oan de kant setten troch de Drachtsters.
Jessie Prijs soarge mei fjouwer goals foar in grut diel fan de Drachtster doelpunteproduksje. Esther van Toledo en Marian Meijer wienen mei elk twa goals ek goed op skot. It is de grutste oerwinning yn de earedifyzje sealfuotbaljen fan dit seizoen.
De oare Fryske earedifyzjonist, Avanti út Stiens, bleaun thús stekken op 3-3 tsjin Reiger Boys. Avanti kaam twa kear op foarsprong, mar de ploech út Heerhugowaard kaam twa kear wer op gelikense hichte. Reiger Boys kaam sels op 2-3, mar úteinlik hold Avanti dochs noch in punt oer oan de wedstriid.