Plannen foar doarpsstrjitte op plak fan autodyk by Aldeboarn

02 feb 2018 - 22:58

De drokke autodyk oan de súdkant fan Aldeboarn ferdwynt mooglik oer in pear jier, om plak te meitsjen foar in doarpsstrjitte. Dat plan is freedtejûn oan de bewenners presintearre, troch in wurkgroep dy't him bûgd hat oer de takomst fan it doarp. As de drokke dyk ôfwurdearre wurdt, kin oan de súdkant fan it doarp in hiele nije multyfunksjonele akkommodaasje (MFA) boud wurde, mei skoallen, in doarpshûs, sportfjilden en in iisbaan. Op dit stuit is ûntwikkeling fan de súdkant fan it doarp noch dreech, omdat it oerstekken fan de dyk sjoen wurdt as te gefaarlik foar de skoalbern. De wurkgroep tinkt dat it byelkoar bringen fan alle akkommodaasjes op termyn effisjinter en goedkeaper is.

Foarsichtich posityf

De besteande skoallen soene yn 2026 ta wêze oan grut ûnderhâld. Neffens foarsitter Ids Hemminga fan de wurkgroep is de gemeente Hearrenfean lykwols ree om te besjen oft soks nei foaren helle wurde kin. Dan soe it MFA al earder ûntwikkele wurde kinne. Op it plak fan de besteande skoallen soene mooglik nije hûzen komme kinne. Yn it doarp waard freedtejûn foarsichtich posityf op de plannen reagearre. De plannen binne noch yn in ier stadium; der moat noch in protte útsocht wurde. In kosteplaatsje is bygelyks noch net makke.

Ek fragen

Ien fan de oanwêzigen frege him ôf oft it ôfwurdearjen fan de trochgeande dyk it doarp net minder berikber en dêrtroch minder oanloklik makket foar potinsjele nije bewenners en oft der dan wol ferlet is fan nije hûzen. In oaren brocht yn dat bedriuwen mooglik minder klanten krije, as it ferkear in oar paad siket.

Trefwurden: 
Aldeboarn Doarpsstrjitte
(advertinsje)