Fan alles oan 'e hân mei frachtweinkombinaasje op N351

02 feb 2018 - 22:34

De plysje hat freedtemiddei in frachtweinkombinaasje fan de dyk helle by Makkingea.

En der wie in soad mis mei dy kombinaasje. Sa die bliken dat de oanhingwein al twa jier net mear troch de apk west hie, wylst dat alle jierren moat. De tachograaf wie ek net mear yn oarder en de frachtbrief, dy't nedich is by ôffaltransport, wie net goed ynfolle. Fierder hie de sjauffeur sels ek net de goede papieren om sjen te litten dat er fakkundich wie. En dan hie er ek noch in belestingskuld.

De frachtweinkombinaasje is ynnaam troch de belestingtsjinst en sjauffeur krijt in boete.

Trefwurden: 
frachtwein Makkingea
(advertinsje)