René Hake debutearret mei benaude oerwinning op Go Ahead

02 feb 2018 - 22:02

René Hake hat syn earste wedstriid as haadtrainer fan Cambuur ôfsletten mei in krappe oerwinning. De Ljouwerters wûnen yn it eigen stadion mei 2-1 fan Go Ahead Eagles.

Cambuur wie yn de earste helte klassen better as de ploech út Deventer, al wie de earste grutte kâns noch wol foar Sam Hendriks. De spits fan Go Ahead skeat oer. Dêrnei krige Cambuur kâns op kâns. Martijn Barto skeat syn ploech op 1-0 mei in skot yn de fiere hoeke. Nei't Kallon in pear kânsen mist hie, soarge Barto ek foar de 2-0. Op oanjaan fan Kip krige Justin Mathieu de earste kâns. Dêr siet Go Ahead-keeper Sonny Stevens noch goed by, mar de rebound wie foar Barto. Dêrnei miste Cambuur in soad kânsen om fierder út te rinnen en dus wie de rêststân 2-0.

Dêrtroch bleau it spannend, hielendal om't Go Ahead betiid yn de twadde helte de oanslutingstreffer makke. Ynfaller Bruno Andrade krolle de bal yn de lange hoeke. De lêste fjirtich minuten wienen benaud. Sa wie Barto belangryk as ferdigener, troch de bal fan de line te heljen. Ek Cambuur krige noch wol kânsen. De thúsploech hope twa kear op in strafskop: earst om't Mathieu fêstholden waard, letter fanwegen in tackle op Alvin Daniels. Beide kearen woe skiedsrjochter Martin van den Kerkhof neat fan in penalty witte. Sa mocht Go Ahead hoopjen bliuwe op in lette lykmakker, mar Cambuur oerlibbe de spannende lêste minuten.

Sportklup Cambuur - Go Ahead Eagles 2-1 (2-0) 9. Martijn Barto 1-0, 18. Martijn Barto 2-0, 49. Bruno Andrade 2-1

Opstelling Cambuur: Erik Cummins; Sai van Wermeskerken, Matthew Steenvoorden, Robbert Schilder, Xander Houtkoop (68/Omar El Baad); Mathias Schils, Ricardo Kip, Darren Rosheuvel; Issa Kallon (59/Kevin van Kippersluis), Martijn Barto, Justin Mathieu (81/Alvin Daniels)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)