Oranje ferliest opnij

13 jun 2012 - 22:53

Yn Fryslân is ek mei teloarstelling reagearre, no't it Nederlânsk fuotbalalvetal de twadde wedstriid fan it Europeesk kampioenskip ek ferlern hat. Yn Charkov wie Dútslân mei 2-1 te sterk foar Oranje. It Nederlânske doelpunt waard yn de 73e minút makke troch Robin van Persie.

De wedstriid wie op ferskate plakken yn de provinsje op grutte skermen te sjen. Ien fan dy lokaasjes wie kafee De Kroon yn Snits, dêr't it skerm bûten opsteld stie. It kafee hie ek Dútske flaggen te hingjen, mei it each op de Dútske toeristen yn de stêd.

Trefwurden: 
Snits Oranje kafee De Kroon
(advertinsje)