Hearrenfeanfroulju begjinne 2018 mei winst yn Den Haag

02 feb 2018 - 21:31

De froulju fan Sportklup Hearrenfean binne goed út de winterstop kaam. Freedtejûn wûn de ploech mei 3-1 op besite by ADO Den Haag. Dêrmei komt Hearrenfean yn punten op gelikense hichte mei de froulju út de hofstêd.

Nei in kertier spyljen makke Fenna Kalma mei in kopbal de 0-1 foar de Feansters. Dat wie ek de rêststân. Tiny Hoekstra skeat har ploech nei it skoft op 0-2. International Victoria Pelova brocht de spanning yn 'e ein fan de wedstriid even werom, mar net lang dêrnei soarge Kalma mei har twadde goal foar de 1-3.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(advertinsje)