Opskuor yn Grinslân om knal fan fleantúch út Ljouwert

F-16 © ANP
Fleanbasis Ljouwert hat freedtemoarn meldingen krigen fan minsken út Grinslân dy't tongersdeitejûn in lûde knal heard ha. Minsken yn de omjouwing fan Veendam wiene benaud dat it om in ierdbeving gong. Om't de fleanbasis Ljouwert har bewust is fan de mienskiplike ûnrêst yn Grinslân, is direkt ûndersyk dien, lit wurdfierder Jayme Tol witte. Twa F-16's fan Ljouwert wienen sa'n 60 kilometer op see yn de omjouwing fan It Amelân doe't ien fan de fleantugen troch de lûdsbarriêre fleach. "Het gebeurt overigens bijna dagelijks dat onze vliegtuigen door de geluidsbarrière gaan", seit Tol. "In negen van de tien gevallen merken mensen in Nederland daar helemaal niets van, omdat het ver op zee gebeurt. Maar donderdagavond stond er een sterke noordwestelijke wind en was er sprake van dikke bewolking, waardoor het geluid uiteindelijk weerkaatste en de vrijheid kreeg."
Earder dit jier waard op 10 jannewaris al in knal en trilling fernommen yn Grinslân. Dat soe troch Dútske strieljagers feroarsake wêze, om't sy op dat momint ek ticht by de grins mei Grinslân fleagen. Dat kaam doe nei foarren út de ynformaasje fan de Ljouwerter fleanbasis. Nei it ûndersyk fan freed docht dochs bliken dat it wol troch in F-16 fan Ljouwert ûntstien is. De fleanbasis Ljouwert waard hjirtroch betichte fan it fersprieden fan nepnijs. "Wij hebben totaal geen reden om hierover te liegen. Er zijn geen regels overtreden, want in dit gebied mag er op deze manier gevlogen worden. Maar als vliegbasis proberen wij gezien de onrust die er in Groningen speelt, zo snel mogelijk een gegronde oorzaak en reactie te geven. Ik hoop dat we met de berichtgeving vandaag de onrust wegnemen. Als het in de toekomst weer gebeurt, zullen we daar ook eerlijk over zijn. Wij hebben niks te verbergen", seit Jayme Tol.