FIDEO: Rêstige transferperioade by Cambuur en Hearrenfean

02 feb 2018 - 19:46

It wie rêstich yn de winterstop by de Fryske profklups. By SC Hearrenfean binne ferdigener Dave Bulthuis en keeper Martin Hansen nei de klup helle. Yn Ljouwert duorre it hiel lang foardat der wat barde. Pas op de lêste dei fan de transferperioade presentearre Cambuur René Hake as nije trainer en mei Daniel Crowley en Kenny Teijsse noch twa nije spilers.

Yn Fryslân Hjoed prate de technysk managers fan beide klups, Foeke Booy fan Cambuur en Gerry Hamstra fan Hearrenfean, oer de ôfrûne transferperioade. Fierder sjogge se werom op de earste seizoenshelte en foarút nei de kommende moannen.

(advertinsje)