Fryske dielnimmers oan de Spelen: Suzanne Schulting

Suzanne Schulting © www.orange-pictures.nl
Oer in wike is it safier, de Olympyske Spelen yn Pyeongchang (Súd-Koreä). Fansels komt der ek in flink tal Friezen yn aksje by it reedriden en de shorttrack yn Gangneung. Mar wa binne dat, wat binne harren bêste prestaasjes by de Olympyske Spelen en wat binne de kânsen op in medalje?
Sportredakteuren Koos Wieling en Roelof de Vries dogge de kommende wike alle dagen in foarsizzing oer in Fryske Olympyske sporter. Earder freed hienen we al it oardiel fan Koos Wieling oer Sven Kramer, no Roelof de Vries oer Suzanne Schulting.
Namme: Suzanne Schulting
Wenplak: It Hearrenfean (komt fan De Ulesprong)
Bertedei: 25-09-1997
Sport: shorttrack
Ofstannen yn Gangneung: 500 meter,
1000 meter,
​ 1500 meter,
ôflossing
Olympyske resultaten: Schulting makket har debút op de Spelen
De kânsen fan Suzanne Schulting neffens sportredakteur Roelof de Vries:
"Suzanne is gjin topfavoryt, mar in medalje sit der wol yn. De 1000 meter is har favorite ôfstân, se helle op it WK fan ferline jier brûns, mar se kin de 1500 meter ek goed oan. Eins makket se op alle trije ôfstannen wol kâns, mar dan moat it wol meisitte. Schulting is in toptalint. Se hat snelheid en in ynhelaksje, mar is ek nochal dryst. Somtiden nimt se wat te folle risiko's en is se oermoedich. Kin se dat mei de Spelen derút helje, dan sit der wol wat moais yn. Der binne lykwols wol aardich wat konkurrinten. De Koreanen Choi en Shim binne de te klopjen shorttrackers. Elise Christie hat net sa folle wedstriden riden, mar is regearjend wrâldkampioene. De Kanadezen St-Gelais, Boutin en Maltais binne ek sterk. En feterane Arianna Fontana út Italië is Europeesk kampioene. By de ôflossing heart Nederlân by de medaljekandidaten. Súd-Koreä is de favoryt, mei Sina dêr krekt efter. Gewoanwei sil Nederlân dêrefter mei Ruslân en foaral Kanada stride om it brûns."
De Olympyske Spelen yn Pyeongchang begjinne op freed 9 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.