Masela mooglik nei rjochter

13 jun 2012 - 22:20

Turnster Wyomi Masela stapt mooglik nei de rjochter, no't har konkurrinte Céline van Gerner fan It Hearrenfean troch it bûn foardroegen is foar de Olympyske Spelen. Dat meldt RTV Oost. It bûn wiisde yn febrewaris noch Masela oan foar dy Olympyske Spelen, mar Van Gerner focht dat mei sukses oan by de rjochter. Masela neamt de gong fan saken ûnearlik. Se wol earst noch mei har neisten oerlizze, mar oerwaget in stap nei de rjochter.

(advertinsje)