Nij boek beskriuwt Fryske states, stinzen en bûtens

Se hearre by pronkjes fan Fryslân: de states, stinzen en bûtenpleatsen. Se stean no ôfbylde en beskreaun yn in nij boek fan keunsthistoarika Rita Radetzky. It boek is freed presintearre op Epema State yn Ysbrechtum, wêrfan't in foto ek op it omslach te finen is.
Der binne al tal fan boeken wêryn't guon fan dizze histoaryske gebouwen beskreaun steane, mar dit nije boek jout in totaalbyld mei in protte ynformaasje en in soad sketsen, tekeningen en oare ôfbyldingen.
It earste eksimplaar wie foar de Fryske kommissaris fan 'e Kening, Arno Brok. Hy wie wiis mei it boek en priizge de auteur fanwege har ynset om dit wichtige kultuerguod nijsgjirrich en tagonklik te beskriuwen. It boek Staten, stinzen en buitenplaatsen in Friesland is útjûn troch de Stichting Staten en Stinzen.