Boargemaster slút drugshûs oan Giekstrjitte yn Ljouwert

02 feb 2018 - 18:00

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hat freedtemiddei in hûs oan de Giekstrjitte yn Ljouwert slute litten. Yn it hûs binne drugs fûn, bestimd foar hannel. It gie ûnder oare om himp, hasj en kokaïne. Op grûn fan de Opiumwet hat de boargemaster it rjocht it hûs te sluten, om sa drugshannel tsjin te gean en oerlêst yn de buert te foarkommen.

Trefwurden: 
Ferd Crone drugs Giekstrjitte
(advertinsje)