Grand Café Z yn eardere Wetterliedinggebou offisjeel iepene

02 feb 2018 - 18:00

Grand Café Z, yn Ljouwert, wurdt freedtejûn offisjeel iepene. "Z" sit yn it eardere gebou fan de Wetterlieding, oan it Saailân, wurdt hierd troch Nuon. It bedriuw hat in diel fan syn klanteservice dêr yn ûnderbrocht, mar dus ek in Grand Café.

Yn dit gebou, dat út 1964 komt, wienen earder gearkomsten fan de organisaasje fan de Fryske Alve Stêden en waarden de bekende wurden "it giet oan" útsprutsen. De nije "bewenners" binne te sprekken oer de lokaasje.


 

(advertinsje)