Swimmers Bosbad: kâld wetter

13 jun 2012 - 21:53

Besikers fan it Bosbad yn Appelskea kleie massaal oer it kâlde wetter yn it swimbad. Gewoanlik wie dat wetter sa'n 21 graden, no is dat mar 18 graden mear. Yn in koart skoftke tiid binne hast 200 hantekenings sammele fan kleiers.

De inisjatyfnimmers fan de aksje sizze dat bern blau fan de kjeld út it wetter komme. Sy hoopje dat de eksploitant de kachel wer oansette wol, mar dy fynt de stookkosten te heech en ferwiist nei it binnenbad yn Easterwâlde. Ferline jier is der ek klage. Doe is de wettertemperatuer wol oanpast.

Trefwurden: 
wetter Bosbad kâld Appelskea
(advertinsje)