Skoallen en learplichtamtners yn aksje tsjin lúksefersom

02 feb 2018 - 17:31

Skoallen en learplichtamtners bine de striid oan mei it saneamde lúksefersom. Foaral ien of twa dagen foar de krokusfakânsje nimme aardich wat âlden de bern earder fan skoalle om de files foar te wêzen. Mar dy âlden moatte dit jier rekken hâlde mei in boete fan hûndert euro foar elke miste skoaldei.

De boeten sille no ek folle flugger útdield wurde. Foarhinne gie dat fia it Iepenbier Ministearje en de rjochter, in proses fan moannen. Mar it Iepenbier Ministearje wol no learplichtamtners de mooglikheid jaan om sels in boete op te lizzen, wêrtroch't dat folle flugger kin.

Het Drachtster Lyceum is bekend mei it probleem fan lúksefersom. De skoalle hat mei alle oare skoallen fan Singelland ôfpraat dat elts fersyk om earder op fakânsje te gean dit jier ôfwiisd wurdt. De fakânsje begjint foar alle learlingen op itselde momint, seit waarnimmend rektor Daan van Weelie, en dat is freed oan 'e ein fan de middei. Dit betsjut dat de 1350 learlingen fan Het Drachtster Lyceum ek op freedtemiddei 23 febrewaris gewoan nei skoalle moatte. In spesjale fersommeiwurker sil dit yn 'e gaten hâlde. As der dochs learlingen ûntbrekke fanwege lúksefersom, sil de skoalle dat trochjaan oan de learplichtamtner.

Learplichtamtner Johan Feenstra fan Smellingerlân wiist derop dat de regels foar it lúksefersom net feroarje, mar der sil no wol skerper hanthavene wurde. "Als je snel een boete krijgt, dan leer je daar meer van, dan wanneer dat maanden duurt", seit Van Weelie.

Der liket ek yn Fryslân in breed draachflak te wêzen foar it skerper tafersjoch op it lúksefersom. De gemeenten Ljouwert en Smellingerlân wolle hjir beide mei oan de slach en ek de ûnderwiiskoepels binne bliid mei de dúdlikheid dy't derfanút giet. Ek guon learlingen op Het Drachtster Lyceum binne posityf oer de nije oanpak. "Als sommige leerlingen zomaar weg kunnen blijven en de rest wel naar school moet, dan is dat niet eerlijk", seit learlinge Rixt. Amarins út Oerterp sil op wintersport nei Eastenryk, mar giet pas op sneontemoarn fuort. "Ik hoech gjin skoaldagen te missen, mar dat komt omdat ús heit de reis sa boekt hat."

(advertinsje)