Tredde plak foar Snitser modelspoarmuseum by 'lytse musea'

02 feb 2018 - 17:29

It Nationaal Modelspoor Museum yn Snits stiet op it tredde plak yn de top tsien fan 'lytse musea', opsteld troch Museumpeil. Dit fakblêd, foar museummeiwurkers út Nederlân en Vlaanderen, makket alle jierren sa'n ranglist. Neffens de sjuery is de leafde foar treintsjes yn alles te fielen, wêrtroch't sels de grutste hater fan modelspoartreintsjes derfan begjint te hâlden.

Op it earste plak stiet museum het Cuypershuis yn Roermond en op it twadde plak it Bakkerijmuseum yn Hattem.

(advertinsje)