Morten Thorsby werom yn de basis by Sportklup Hearrenfean

02 feb 2018 - 17:17

By Sportklup Hearrenfean begjint Morten Thorsby wer ris yn de basis. Hy ferfangt Pelle van Amersfoort yn de thúswedstriid tsjin FC Twente. Van Amersfoort skoarde yn de lêste fjouwer wedstriden trije kear. Thorsby wie de earste wedstriid nei de winterstop skorst en foel tsjin Sparta yn. Thorsby sil nei alle gedachten op Adam Maher spylje. Yuki Kobayashi spilet dan op tsien. Fierder spilet Streppel mei deselde spilers as ferline wike tsjin Sparta.

Mei Twente keare Gertjan Verbeek en Jan de Jonge wer werom by Hearrenfean. Tegearre wiene se ek in duo by Sportklup Hearrenfean. By Twente spylje fierder ek âld-Hearrenfeanspilers Oussama Assaidi en Jos Hooiveld.

Opstelling sc Hearrenfean: Hansen; Dumfries, Høegh, Pierie, Bulthuis; Schaars, Thorsby, Kobayashi; Ødegaard, Reza en Zeneli.

(advertinsje)