Eastermarders mei útkearing moatte bewize dat se neat wûn ha

02 feb 2018 - 17:06

Eastermarders mei in útkearing moatte bewize dat se gjin priis wûn ha yn de Postcode Loterij. Slagget dat net, dan wurde se koarte op har útkearing. Dat stiet yn in brief fan de gemeente Tytsjerksteradiel oan de 25 ynwenners mei in útkearing.

Neffens de gemeente giet it om in reguliere kontrôle. It winnen fan in priis wurdt sjoen as fermogen. As je dan in bystânsútkearing ha, of bygelyks oanfoljende útkearingen, dan kin it dêr gefolgen foar ha.

De toan fan de brief is lykwols folslein ferkeard fallen. Sa moatte de minsken mei in útkearing foar 7 febrewaris bewize dat se neat wûn ha. Wethâlder Ellen Bruins Slot erkent dat de toan fan de brief oars kind hie. Se seit ta dat mei alle minsken yn Eastermar persoanlik kontakt opnaam wurdt om de saak út te praten.

(advertinsje)