Allinnich SAM mei "SAM" noch brûke yn 'e polityk

02 feb 2018 - 16:46

De politike partij SAM Waadhoeke hat de namme SAM as wurdmerk foar politike doelen fêstlein. De partij wol sa grip hâlde op it brûken fan de nammen troch oare politike partijen. SAM wol dat de namme allinne brûkt wurdt troch partijen dy't deselde opfettingen ha as SAM Waadhoeke.

Oanlieding foar it deponearjen fan de namme is dat in lid fan GemeenteBelangen-Totaal Lokaal yn Súdwest-Fryslân it hân hat oer it brûken fan de namme SAM. Dat soe in opsje wêze as it ta in ôfsplitsing komt binnen dy partij. Dêr sit SAM Waadhoeke net op te wachtsjen.

(advertinsje)