Harlinger Belang: ynvestearje

13 jun 2012 - 21:45

Harlinger Belang fynt dat de gemeente Harns mear ynvestearje moat yn de stêd. De partij wol ûnder oare dat jild stutsen wurdt yn it ferbetterjen fan de Willemshaven en it Havenplein. Neist dat de bewenners dêrfan profitearje, jout it de stêd ek in better oansjoch as yn 2014 it evenemint Harlingen Sail hâlden wurdt.

Harlinger Belang fynt dat by it ferbetterjen fan de stêd lokale ûndernimmers ynskeakele wurde moatte, sadat dy der ek fan profitearje. De partij hat it ferbetterjen woansdei bepleite yn in riedsgearkomste.

(advertinsje)