Plysje fynt mes dat wierskynlik brûkt is by oerfal Drachten

02 feb 2018 - 16:31

De plysje hat nei alle gedachten it mes fûn dat tongersdeitemiddei brûkt waard by in oerfal op de Aldi oan de Leidyk yn Drachten.

In 19-jierrige ynwenner fan Drachten besocht tongersdei jild los te krijen by de winkel. Doe't dat mislearre, naaide de man út. Hy koe lykwols yn de buert oanhâlden wurde, ûnder oare troch in meiwurker fan de winkel. De plysje gie dêrnei op syk nei it mes en nei de rêchsek en sjaal fan de man. Dy waarden freedtemoarn fûn yn in kontener yn 'e buert.

De man rekke by de oerfal ferwûne oan syn hân, hy is dêrfoar behannele yn it sikehûs. Dêrnei is er fêstset foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
oerfal Drachten Aldi
(advertinsje)