Bylden wapene oerfal supermerk oan Wylgestrjitte online set

02 feb 2018 - 16:27

De plysje hat freedtemiddei bylden online set fan de wapene oerfal oan de Ljouwerter Wylgestrjitte op 12 jannewaris.

Op de bylden is te sjen hoe't twa oerfallers in klant en in meiwurker mei in pistoal en mes bedriigje. De gesichten fan de oerfallers binne net te sjen, mar de plysje hopet dat minsken de oerfallers werkenne troch bygelyks de klean of de wize werôp't se rinne.

De oerfallers binne útnaaid mei in jildbedrach. Gjinien fan de minsken yn de supermerk is ferwûne rekke, mar se binne wol bot skrokken.

Trefwurden: 
Ljouwert Wylgestrjitte oerfal
(advertinsje)