Widdo Van Seggeren yn heger berop tsjin langer foararrest

02 feb 2018 - 16:13

De frou dy't fêstsit fanwege belutsenheid by de dea fan har man Tjeerd van Seggeren, giet yn heger berop tsjin de ferlinging fan it foararrest. De rjochter sei tongersdei dat se sechstich dagen langer fêstsitte bliuwe moat.

Advokaat Tjalling van der Goot fan de fertochte is dêrtsjin yn berop gien, omdat syn kliïnt alle belutsenheid ûntkent. It gerjochtshôf beslút nei alle gedachten binnen twa of trije wiken oft de frou fêstsitten bliuwt. As se fêstsitten bliuwt, moat de saak yn maart behannele wurde by de rjochtbank.

Van Seggeren waard ferline jier july dea fûn yn in stik greide by De Westereen, mei swiere ferwûningen oan de holle. Syn frou sit sûnt ein desimber fêst omdat sy wat te krijen ha soe mei syn dea.

(advertinsje)