It Amelân is hynstestront beu

13 jun 2012 - 21:39

De gemeente It Amelân ropt hynsteriders op it eilân opnij op om stront dy't har bisten op de iepenbiere dyk falle litte op te romjen. It komt neffens de gemeente noch te faak foar dat de smoargens lizzen bliuwt, wylst opromjen ferplichte is. It Amelân hat de oprop al folle faker dien, mar dat hat noch net genôch effekt hân.

Der binne al wol tafersjochhâlders dy't optrede kinne. Mocht de situaasje yn de takomst net ferbetterje, dan komt de gemeente mooglik mei nije maatregels.

De stront leit ek geregeld op fyts- en kuierpaden, wylst it ferbean is mei hynders op dizze paden te kommen.

Trefwurden: 
It Amelân hynstestront
(advertinsje)