Siuwsk Steatelid: "Seelân moat foarbyld nimme oan Fryslân"

02 feb 2018 - 15:39

It ferdielde Seelân moat in foarbyld nimme oan de iendracht yn Fryslân. Dat fynt it Siuwske PvdA-Steatelid Anton van Haperen. Hy is der jaloersk op dat Ljouwert en de rest Fryslân sa ienriedich optreden ha om mei-inoar Kulturele Haadstêd fan Europa te wurden. Soks misse se yn Seelân, seit it Steatelid.

Yn Seelân prate se deroer om de stêden oantrekliker te meitsjen, mar in soad partijen binne benaud dat dat ten koste giet fan it Siuwske plattelân. Steatelid Van Haperen fynt dat der net oer tsjinstellingen tusken stêd en plattelân praat wurde moat. Seelân wurdt oantrekliker as stêden en plattelân mei elkoar oplûke, seit er. "We zouden wel wat meer Friesland Boppe kunnen gebruiken."

Trefwurden: 
Seelân
(advertinsje)