Steatsboskbehear slút twa fytspaden yn Drents-Friese Wold ôf

Yn it Drents-Friese Wold binne twa fytspaden sa min begeanber dat Steatsboskbehear se tydlik ôfsletten hat. Dat komt troch de protte rein fan de lêste tiid. It giet om it fytspaad fan de Canadawei nei Zorgvlied en it fytspaad lâns de Albertaplas en it Snoekveen. Dêr steane buordsjes om de fytsers derop te wizen dat se der net del kinne. Ek kuier-, ruter of ATB-paden binne bytiden sa drekkich datst der hast net del kinst.
Foar de natuer is de rein wol goed, seit Steatsboskbehear. It Drents-Friese Wold is fan natuere in wiet gebiet, mei de seldsume bisten en planten dy't dêrby hearre. Troch de ûntwettering yn it ferline en ek no noch is it der in stik drûger wurden. En dus is wetter wolkom.
"In de afgelopen decennia is er veel water afgevoerd in het gebied, dus we kunnen wel wat water gebruiken. Dan blijven de vennetjes goed gevuld, " fertelt boskwachter Corné Joziasse. "Trek goede schoenen aan, iedereeen is van harte welkom want je kunt er ook gewoon van genieten."