FIDEO: Sjoeke Torensma har snert is de alderlekkerste

02 feb 2018 - 15:16

Sjoeke Torensma fan Froubuorren hat de Snertwedstriid fan Omrop Fryslân wûn. Yn in spannende ûntknoping freedtemoarn by it radioprogramma Muzyk yn Bedriuw waard Sjoekes snert útroppen ta de lekkerste. Twadde waard Johannes Bloem fan Hijum en tredde Jan Marten de Goede fan Beetstersweach.

De sjuery bestie út Reitse Spanninga, Griet Wiersma en radiopresintator Arjen Overmaat. Alle trije sjueryleden wiene it der oer iens: de snert fan Sjoeke wie de bêste.

Sjoeke waard opjûn troch kliïnten fan NBS De Parrebeam út Sint-Anne: "Lekker hartig en goed gevuld en vooral met zeer veel liefde gemaakt. De cliënten van NBS De Parrebeam in St.-Annaparochie waar Sjoeke teamleidster is, en vaak heerlijk eten kookt, vinden haar snert iedere keer weer heerlijk en zitten allemaal heerlijk te smullen."

Mear as tweintich minsken hiene harren opjûn, wêrfan't santjin ek echt meidien ha oan de wedstriid.

(advertinsje)
(advertinsje)