Ekstra drokte KNVB-kantoaren

13 jun 2012 - 21:31

De seis distriktskantoaren fan de KNVB, mei dêrby dat op It Hearrenfean, binne de kommende dagen ekstra iepen. Dat wurdt dien omdat fuotballers har op syn lêst 15 juny oerskriuwe litte kinne nei in oare feriening. Nei dy datum kin dat allinne om spesjale redenen.

Ferline jier makken lanlik 30.000 minsken gebrûk fan de mooglikheid om oer te gean nei in oare klup. Om klear te wêzen op wer sa'n grutte tastream is it kantoar op It Hearrenfean ûnder oare freedtejûn ek iepen.

(advertinsje)