Freedsmerk: "Gryp? In echte Fries, dus net kapot te krijen!"

02 feb 2018 - 15:10

Hieltyd mear minsken ha de gryp. De epidemy liket dêrmei noch net op syn hichtepunt. Mar hoe geane we dermei om? We fernamen der op de Ljouwerter freedsmerk nei. "Ik ha sûnt '82 al net mear siik west. In èchte Fries, dus net kapot te krijen. In âld ras, no?"

Stoffekeapman Jan wie krekt werom nei in grypke: "Dan bin ik net te genietsjen en sis ik ek dat se my mar better mei rêst litte kinne. Dan bin ik echt djip ûngelokkich." De poelier stie hjoed sûnder syn frou op 'e merk: "Se is siik. Ek by dokter west om pillen. Tsja, fierder kinne je net safolle..."

In learkrêft fertelde dat se yn alle klassen wol trije of fjouwer sike bern ha: "En dat in een CITO-toetsweek, dat komt heel ongelukkig uit!" Gerda fan de tekstylkream moast ferline wike oerslaan om't se siik wie, mar no wie se der wer: "In paracetamoltsje deryn en dan mar krekt dwaan oft it oer is!"

Trefwurden: 
freedsmerk
(advertinsje)