Thúswedstriid SC Hearrenfean tsjin Willem II dei letter

02 feb 2018 - 14:58

De wedstriid tusken SC Hearrenfean en Willem II, dy't foar freed 2 maart op it programma stie, is ferskood en wurdt in dei letter spile. Dat de ploech fan trainer Jurgen Streppel it no de sneon opnimt tsjin de Tricolores, hat te meitsjen mei de bekerprestaasjes fan de Brabanners.

Willem II skeakele tongersdeitejûn Roda JC út yn it bekertoernoai en nimt it yn de wike foar de útwedstriid tsjin Hearrenfean yn de Kuip op tsjin Feyenoord. Troch de ferskowing hawwe de Tilburgers no in dei langer rêst.

Hearrenfean - Willem II wurdt op sneon 3 maart spile en set om 20.45 oere útein.

(advertinsje)