Ekstra sliepplakken dakleazen yn Ljouwert en Snits om kjeld
De nachtopfang yn Ljouwert hat fan sneon ôf ekstra sliepplakken beskikber foar dakleazen. Dat is fanwege de ferwachte froast. De ekstra plakken binne der yn elts gefal oant woansdei.
Yn it sosjaal pensjon yn Snits binne yn deselde perioade ek ekstra bêden beskikber.