Sander Arends útskeakele yn heale finale challengertoernoai

02 feb 2018 - 14:35

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert is der freed net yn slagge om de finale te heljen fan it challengertoernoai yn it Frânske Quimper. De Belgen Sander Gille en Joran Vliegen wiene mei 6-1 en 6-4 te sterk foar Arends en syn Kroatyske maat Antonio Šančić. Ofrûne snein wie it Belgyske koppel ek al te sterk foar Arends en Šančić.

Nettsjinsteande de útskeakeling yn Quimper is 2018 foar Arends dochs goed begûn. Yn trije toernoaien helle de Ljouwerter twa kear de finale en ien kear de heale finale. Op de wrâldranglist stie hy begjin jannewaris noch op it 99ste plak. Nei it toernoai yn Quimper stiet er no 82ste. Sa heech stie er noch nea.

Takom wike spylje Arends en Šančić in toernoai op it heechste nivo. Se dogge dan mei oan it ATP-toernoai yn it Frânske Montpellier.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)