Boezempeil nei ûnderen fanwegen de oansteande froastperioade

02 feb 2018 - 14:33

Wetterskip Fryslân sil út foarsoarch de kommende dagen it boezempeil yn de provinsje ekstra nei ûnderen bringe. Dêrtroch kinne se har tariede op in eventuele froastperioade. Dat docht it wetterskip nei oanlieding fan it kâlde waar dat foar nije wike foarsein wurdt.

De poldergemalen bliuwe gewoan oanstean, as in eventuele froastperioade takom wike trochset dan sil it Wetterskip besjen oft se dy útsette sille.

Troch de gemalen út te setten giet de beweging út it wetter wei en krijt natueriis de kâns om oan te groeien.

Trefwurden: 
Wetterskip Fryslân froast
(advertinsje)