Harns ûndersiket cruiseskippen

Harns docht ûndersyk nei de mooglikheid om in haven te wurden foar lúkse cruiseskippen. Earder is dy mooglikheid wolris oppere, mar no is der serieus belangstelling fan merkpartijen. It ûndersyk rjochtet him op middelgrutte cruiseskippen, dy't klanten lûke dy't in soad lúkse wolle. As bestimming wurdt tocht oan Skandinavië.
Yn Ljouwert is woansdei mei de oare havens oan it Waad ôfpraat dat elke haven syn eigen spesjaliteit krijt om ûnderlinge konkurrinsje foar te kommen. Harns rjochtet him dêrby op it toerisme.
It waadfûns wurdt mooglik frege om it ûndersyk nei de komst fan cruiseskippen mei te beteljen.