Fryslân stiet efter plan Formule 1 nei Noarden te heljen

F1-koereur Max Verstappen © ANP
De gemeente Ljouwert en de provinsje Fryslân binne posityf oer it plan de Formule 1 nei it TT Circuit fan Assen te heljen. As ûnderdiel fan de gearwurkjende gemeenten en provinsjes út Noard-Nederlân neame sy it in geweldige kâns foar it hiele Noarden.
De oanlûkingskrêft fan de Formule 1 soe der yn dat gefal foar soargje dat ynternasjonaal de oandacht op it Noarden rjochte wurdt, litte de noardlike gemeenten en provinsjes witte. Boppedat soe it goed wêze foar de noardlike ekonomy. Hoareka en hotels sille fan de mooglike komst fan de Formule 1 profitearje.

Reaksjes Douwstra en De Rouwe

Wethâlder Friso Douwstra fan de gemeente Ljouwert is entûsjast: "De TT is hét circuit van Nederland. Terecht dat in Assen nu de F1 kan komen. Zo'n event is geweldig voor de hele regio."
Neffens deputearre Sander de Rouwe hearre topsport en Noard-Nederlân byinoar: "Of het nu gaat om Thialf in Heerenveen of het TT Circuit in Assen. Hoe meer en beter we onze sportinfrastructuur kunnen benutten, hoe beter dit is voor iedereen."