Argewaasje oer ferpleatsing brievebus Arum

02 feb 2018 - 12:18

Arumers komme yn ferset tsjin de ferpleatsing fan de brievebus yn it doarp. PostNL wol de bus ferpleatse fan it sintrum fan it doarp nei de bûtenrâne. Dêr oan de bûtenkant stie de bus yn it ferline ek. Dy is der pear jier lyn fuorthelle om't it in te gefaarlik plak wie.

De brievebus stie dêr by in krusing dêr't in soad ferkear delkomt. Der is boppedat kwalik romte om te parkearjen. Sake Jonker fan doarpsbelang hat gjin idee wêrom't de bus ferpleatst wurde moat. PostNL kin him dat ek net goed útlizze, seit er. Doarpsbelang ropt de bewenners no op om massaal protest yn te tsjinjen. Protest is neffens Jonker it iennichste dêr't it bedriuw nei harket.
 

Trefwurden: 
brievebus PostNL Arum
(advertinsje)
(advertinsje)