Yoda moat jonge cyberkriminelen gefolgen hacken sjen litte

02 feb 2018 - 11:59

It Iepenbier Ministearje hat in nije oanpak betocht foar jonge cyberkriminelen en hackers yn it Noarden. Mei 'Yoda', neamd nei in personaazje út Star Wars, wurde de jongeren konfrontearre mei de gefolgen fan wat se dien hawwe. Ek leare se om harren kompjûterfeardichheden op in positive wize yn te setten foar bedriuwen en maatskiplike organisaasjes.

It programma is ûntwikkele omdat jongeren faak net de gefolgen oersjen kinne fan de streken dy't se efter de kompjûter úthelje. Sy krije dêr ferplicht kolleezje yn. Yoda is opset troch it IM en Halt yn oparbeidzjen mei trije noardlike ICT-bedriuwen.

Twa Drinten

Twa jonges fan 14 en 15 út Drinte hawwe dit programma as earste folge. Se fûnen it pittich en hawwe der in soad fan leard. De twa jonges pasten hiel goed by it projekt. De ien hie in webside hacked en dêrtroch in list mei e-mailadressen en wachtwurden bemachtige. De oare jonge hie it netwurk fan syn skoalle plat lein.

De jonges waarden troch de plysje fan skoalle helle en moasten har kompjûter ynleverje. Oanslutend moasten sy yn de fakânsje in wurkstraf útfiere by ien fan de oansletten ICT-bedriuwen. De jonges binne dêr geweldich fan skrokken en hawwe dat ek as straf belibbe.

It IM is goed te sprekken oer it eksperimint en wol dit ek útrôlje yn de rest fan Noard-Nederlân. Oant no ta binne der gjin cyberkriminelen út Fryslân oanmeld.

Trefwurden: 
Yoda cyberkriminelen
(advertinsje)