Aris krijt garânsje Ljouwert

13 jun 2012 - 20:12

Basketbalklup Aris fan Ljouwert krijt in garânsje fan 100.000 euro fan Ljouwert, mar is noch net definityf rêden. De riedskommisje gong woansdei akkoart mei de garantstelling, mei it foarbehâld dat soks oer twa wiken by de behanneling yn de gemeenteried noch wer weromdraaid wurde kin. Dan wolle de riedsleden mear ynformaasje hawwe.

Aris sit yn grutte tiidneed, nei it fuortfallen de haadsponsor, want freed moat in slutende begrutting yntsjinne wurde by it basketbalbûn, oars kin de klup net mear meidwaan.

De kluplieding sprekt fan in dûbel gefoel oer de betingsten fan de ried, mar is ree om it risiko te nimmen, dat de ried de stipe letter wer ynlûkt. Tongersei wurdt nei alle gedachten al in kontraktferlinging tekene troch ien fan de spilers.

De kommisje sei by it bepraten fan de garânsje foar Aris dat it better west hie as de klup earder om stipe frege hie. De kluplieding seit dat dat eins net koe, omdat pas op it lêste momint, tsjin alle ferwachtings yn, bliken die dat de haadsponsor ophâlde woe.

Offisjeel hoecht wethâlder Ekhart de gemeenteried net om goedkarring te freegjen oer in garânsjestelling fan 100.000 euro. It kolleezje mei dêr sels oer beslisse, mar de wethâlder fynt dat de ried der yn dit gefal dochs wat oer sizze moat, omdat it belied fan Ljouwert is om gjin finansjele stipe te jaan oan profklups. Ekhart hopet dat de gemeenteried op 27 juny dochs definityf ynstimme sil mei de garânsje.

Trefwurden: 
Aris basketbal Andries Ekhart
(advertinsje)