"Grutte kâns op maraton op natueriis takom wike"

02 feb 2018 - 11:14

De kâns dat takom wike de earste maraton op natueriis ferriden wurde kin, liket frij grut. Dat seit waarman Piet Paulusma. Der komme meardere nachten mei matige froast oan. Oerdeis leit de temperatuer om it friespunt hinne. As it oerdeis al boppe nul komt, dan is dat mar foar in koarte perioade yn de middei.

It is noch ûndúdlik hoe lang't de winterperioade duorje sil. Piet Paulusma giet derfan út dat de kjeld oant en mei takom wike freed of sneon oanhâldt. Dêrnei komt it winterwaar ûnder druk te stean fan de oseaan.
 

Trefwurden: 
natueriis maraton froast
(advertinsje)